'Mear ynset foar Noarden nedich'

11 jul 2004 - 15:04

It ministearje fan Ekonomyske Saken moat him mear ynsette foar it Noarden. Dat skriuwt sekretaris Haerkens fan VNO-NCW Noard yn Noordnieuws, it blêd fan de wurkjouwersorganisaasje. De oprop fan Haerkens komt op it stuit dat it ministearje fan Ekonomyske Saken bekend makket de stipe oan it Noarden nei 2006 stop te setten.

Dy stipe hie as doel de ekonomyske efterstannen fuort te wurkjen. Neffens VNO-NCW is dat noch net slagge.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)