'Mear ynfloed op streekplan'

05 jan 2005 - 10:26

De provinsje moat gauwer in beslút nimme oer it nije streekplan. Dat sei boargemaster Vroegindewei fan Boalsert op har nijjierstaspraak. It liket krekt as doarre de deputearren de útfiering fan it streekplan net út hannen jaan oan 'e gemeenten. Vroegindewei wol dat de provinsje de kaders oanjout en de rest oan de gemeenten oerlit.

Boalsert fiert dit jier it 550-jierrich bestean. Dêrfoar waard op de resepsje in aktiviteitekalinder presintearre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)