Mear yllegale dump yn natuer

20 jan 2012 - 15:21

Fryske bosken en natuergebieten wurde hieltyd mear misbrûkt as yllegaal dumpplak foar ôffal. Der wurdt fan alles delsmite, fan ûnskuldich grienôffal oant en mei swier gemysk materiaal. Steatsboskbehear sil tenei strang tafersjoch ynstelle. Dêrby wurdt gearwurke mei de plysje.

De tanimmende yllegale dump komt ûnder oare fan de hege kosten fan it legaal fuortbringen fan it ôffal.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)