Mear wurknocht foar Friezen

22 jan 2010 - 09:20

Friezen sille yn de takomst mei mear nocht nei it wurk ta. Boppedat sille se tûker en produktiver oan de slach gean. Dat wol alteast it kennissintrum foar Sosjale Ynnovaasje foar elkoar krije.

Yn dit nije kennissintrum sille studinten fan de Stenden Hegeskoalle yn opdracht fan Fryske bedriuwen ûndersyk dwaan nei hoe't harren organisaasjes better ynrjochte wurde kinne. Dat soe dan moatte troch saneamde sosjale ynnovaasje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)