Mear wurkleazen yn Ljouwert

13 jan 2005 - 10:43

Der komme dit jier mear wurkleazen yn Ljouwert by. Dat tinkt de gemeente. Yn 2006 moatte wer mear minsken oan de slach kinne. Hast 7000 Ljouwerters sykje no om wurk. Dat is 16 prosint fan de beropsbefolking.

Wurkleasheid ûnder minsken mei in hege oplieding nimt flugger ta as ûnder minsken mei in legere oplieding. Mei reyntegraasjebelied en it fersterkjen fan de ekonomyske ûntjouwings moat de groei fan wurkleasheid keard wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)