Mear wurkleazen yn Fryslân

20 okt 2009 - 10:45

It tal minsken sûnder wurk yn Fryslân is de ôfrûne moanne mei omtrint twa persint omheech gien. Fergelike mei deselde moanne ferline jier is it tal wurkleazen mei 21 persint tanaam. Mei elkoar sitte yn Fryslân op dit stuit 19.500 minsken sûnder wurk.

It groeitempo fan de wurkleazens is yn Fryslân op dit stuit grutter as yn Grinslân en Drinte. Yn Drinte gie de wurkleazens de ôfrûne moanne mei 1,4 persint omheech, yn Grins mar mei 0,2 persint.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)