Mear wurkleazen yn Fryslân

15 des 2011 - 11:06

Ein novimber wiene yn Fryslân goed 1500 minsken mear wurkleas as op it selde momint yn 2010. Dat hat UWV Werkbedrijf bekend makke. De wurkleazens is dêrmei mei goed sân prosint omheech gien. Ein novimber sieten hast 22.000 Friezen sûnder wurk. De Fryske sifers binne opfallend, omdat lanlik sjoen it tal wurkleazen it ôfrûne jier mei goed fjouwer prosint sakke is. Ek yn Grinslân en Drinte kaam it tal wurkleazen leger út.

UWV Werkbedrijf hat noch gjin ferklearring jûn wêrom't de sitewaasje yn Fryslân oars is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)