Mear wurk nei Philips Drachten

09 okt 2006 - 17:07

De aktiviteiten fan Philips yn Hoogeveen wurde yn 2008 ferhúze nei Drachten. Dat bestjut dat der twahûndert banen yn Drachten by komme.

It fabryk yn Drachten wurdt dêrmei ien fan de wichtigste fan Nederlân, benammen as it giet om de ûntwikkeling fan konsuminte-elektroanika. It persoaniel is moandeitemiddei ynljochte. It fakbûn CNV is út 'e skroeven en neamt it in boppeslach.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)