Mear wurk foar frijwilligers?

22 jan 2004 - 00:00

Troch de djoerdere thússoarch driget de frijwillige thúshelp it drokker te krijen. De frijwilligers binne dêr lykwols net op taret. Frijwilligers kinne en sille de profesjonele thússoarch net foar in part oernimme.

Dat is de miening fan Rinnie van der Zanden, koördinator fan de thúshelp yn it Noardwesten fan de provinsje. Se sei dat woansdei yn Kollum by de iepening fan it 22e sintrale meldpunt foar Frijwillige Thúshelp yn 'e provinsje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)