Mear winst Sligro

17 jul 2008 - 09:34
  • De Sligrofestiging yn Drachten

Itensgruthannel Sligro hat yn de earste seis moanne fan dit jier 28,5 miljoen euro winst makke. Dat is dik alve persint mear as yn yn 2007. Ek de omset fan Sligro gong omheech. Dy komt út op goed 1 miljard euro. Dat is dik 12 persint mear.

De hegere omset komt ûnder oare trochdat der nije festigingen by kaam binne. Sa gong yn april fan dit jier yn Ljouwert in grutte Sligro iepen. Foar de twadde helte fan 2008 ferwachtet Sligro minder groei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)