Mear winst FrieslandCampina

30 aug 2012 - 10:42
  • Frieslandcampina Ljouwert

FrieslandCampina hat de earste helte fan dit jier mear winst makke as yn it earste healjier fan 2011. It suvelkonsern helle in winst fan 138 miljoen, dat is in stiging fan hast njoggen prosint. It goeie resultaat is benammen te tankjen oan de ferkeap yn Azië. Dêr groeide foaral de ferkeap fan baby- en berne-iten en dy fan suveldranken.

De ferkeap yn Europa lei flink leger, en dan benammen dy fan tsiis, bûter en molkprodukten. Fanwege dy legere ferkeap jout FrieslandCampina noch gjin ferwachting foar it kommend healjier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)