Mear winst Friesland Coberco

06 mrt 2003 - 00:00

Friesland Coberco Dairy Foods (FCDF) hat better prestearre as ferwachte. De suvelprodusint helle ferline jier in winst fan 84 miljoen euro, seis persint mear as yn 2001. De omset gie mei njoggen persint omheech nei 4,7 miljard euro.

De sifers waarden tongersdei bekend makke. Yn desimber gie Friesland Coberco noch út fan in winst fan 82 miljoen euro. Dy winst is dus mar leafst 2 miljoen euro heger útfallen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)