'Mear wiete natoer by Linde'

15 jan 2012 - 13:16
  • De Stellingwerven passe it beste by Drinte of Oerisel

De plannen foar mear wiete natoer yn de Tsjonger- en Lindefallei moatte sa gau mooglik trochset wurde. Sjoen de kapasiteit fan it gebiet om by heech wetter yn Fryslân in part fan dat wetter op te slaan, soe it sels ûnferantwurde wêze om noch langer mei de útfiering te wachtsjen. Dat seit Natuurmonumenten. De plannen om de gebieten oan te lizzen, binne yn it laad bedarre nei de Ryksbesunigings op natoer.

Dêrtroch is de helte fan it budzjet fuort. Mar it is noch altiten goedkeaper as de oanlis fan in nij supergemaal en it kin ek folle flugger realisearre wurde.

Neffens Natuurmonumenten hat benammen it gebrûk fan 'e opfanggebieten yn Drinte en Grinslân ferline wike oantoand dat dy in hiel grut ferskil meitsje kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)