Mear wettersportwinkels

08 aug 2006 - 10:28

It tal wettersportwinkels yn Fryslân is de ôfrûne seis jier ferdûbele. Der binne no sa'n 65 wettersportsaken yn de provinsje. Dat docht bliken út sifers fan it CBS, it Centraal Bureau voor de Statistiek. Noard-Hollân hat de measte wettersportwinkels. Fryslân nimt it tredde plak yn.

De sektor bestiet benammen út lytse bedriuwen. De helte fan de winkels binne ienmanssaken. 90% hat minder as fiif personeelsleden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)