Mear wettersport nei Kollum

23 sep 2014 - 20:31

Kollum hat de ambysje om in echt wettersportdoarp te wurden. Benammen foar de wettertoerist mei in motorboat of in lytse kruser soe it doarp in moaie bestimming wêze kinne, ûnderweis nei de Lauwersmar. Dêrom is tiisdei úteinset mei in grut projekt om de boatsjes ek echt it sintrum yn te krijen. Wâlskanten wurde oanpakt, brêgen ferhege en betonpaden oanlein.

Benammen de ferheging fan de Meckemabrêge sil de nedige oerlêst jaan, om't dy ûnderdiel is fan in wichtige dyk troch it doarp. It wurk wurdt útfierd troch oannimmer Daniël Pijnacker fan Kollum en Haarsma Infra & Milieu fan Tsjerkwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)