Mear wenningen foar Snits

26 jan 2001 - 18:00

Snits mei de kommende tsien jier 350 ekstra wenten bouwe. Dat hat deputearre Heldoorn freedtemoarn sein. De wenten komme oer de 1250 huzen hinne dy't Snits al tasein krigen hie.

In soad gemeenten besykje in part te krijen fan de pot mei 3200 wenten dy't de provinsje noch ferdiele mei. Neffens Heldoorn is Snits serieus dwaande om it huze-oanbod te ferbetterjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)