Mear ûntslaggen by Bijlsma?

27 nov 2003 - 00:00

De fakbûnen binne benaud foar noch mear ûntslaggen by skipswerf Bijlsma op De Lemmer. Earder is in reorganisaasje oankundige wêrby't 17 fan de 75 banen ferdwine. De fakbûnen tinke dat dit der mear wurde.

De direksje fan Bijlsma kin mooglik oarders krije foar it ôfbouwen fan skipskasko's. Dizze kasko's wurde dan makke yn East-Europa. As dy nije opdrachten yndie binnenhelle wurde, kinne der noch mear ûntslaggen falle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)