Mear ûngelokken mei fytsers

22 apr 2014 - 12:14
  • Fyts-/Bromfytspaad

It tal botsings tusken fytsers is yn fjouwer jier mei 40 prosint tanaam. Ungelokken mei hurdfytsers binne sels mei goed 70 prosint tanaam. In soad ûngelokken kinne foarkommen wurde as fytsers har hâlde oan de ferkearsregels. It dragen fan in helm kin by in botsing slimme ferwûnings oan de holle foarkomme. De organisaasje VeiligheidNL die ûndersyk tusken 2008 en 2012 en it wurdt hieltyd drokker op de Nederlânske fytspaden. Dêrtroch botse folle faker fytsers mei brutsen skonken, skouderblessueres, skaafplakken en oare ferwûnings ta gefolch.

Unachtsumheid en ynskattingsflaters binne neffens it nijste ûndersyk de oarsaak fan it tanimmend tal ûngemakken. It Fytsersbûn seit dat it hege tal ûngelokken leit oan de minne kondysje fan 'e fytspaden dy't net breed genôch binne of min ûnderhâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)