'Mear ûndernimme mei asylsikers'

28 okt 2003 - 00:00

De jongerein fan Dokkum en omkriten en de bewenners fan it asylsikerssintrum moatte mear oer inoar leare en mear mei-inoar ûndernimme. Dat is de útkomst fan in oerlis fan tiisdei nei oanlieding fan it trelit fan ôfrûne wykein by it azc. Fiif jongeren goaiden doe stiennen en kluten nei asylsikers en ferven hakekruzen op it fytspaad.

Beide partijen moatte mear muoite dwaan om inoar kinnen te learen, fine azc, plysje, gemeente en Dockingakolleezje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)