Mear tunnels foar otters

04 nov 2014 - 11:37
  • Otter

Oerstekplakken foar otters moatte feiliger makke wurde. Dat hat it gerjochtshôf yn Den Haach bepaald. Dat betsjut dat de oerheid tunnels oanlizze moat, sadat otters feilich oan 'e oare kant fan de dyk komme kinne.

Ien fan de inisjatyfnimmers fan de rjochtsaak is Addy de Jongh fan stichting Otterstation Nederland yn Ljouwert. Hy is benaud dat de otter opnij útstjert. Der libje op dit stuit sawat hûndert otters yn Nederlân. Fan harren binne dit jier 31 deariden, mei in soad yn Fryslân.

Troch de útspraak moatte binnen in jier 79 knipepunten oanpakt wurde troch de oerheid.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)