Mear túch foar bioboeren

27 jul 2007 - 10:42

Guon bioboeren moatte by it wiete waar folle faker as oars it túch tusken de gewaaksen weihelje. As it reint hat sjit it túch omheech. Dat soarget foar ekstra wurk om't biologysk buorkjen ynhâldt dat de boer gjin gemyske bestridingsmiddels brûkt.

Krekt as yn de gongbere lânbou soargje de ûnderstrûpte ikkers ek foar problemen. Gewaaksen mislearje en binne dreech fan it lân te heljen. It wachtsjen is op in droechwaarperioade.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)