Mear troulokaasjes op Skier

08 mrt 2002 - 00:00

It kolleezje fan B&W fan Skiermûntseach wol it tal troulokaasjes op it eilân útwreidzje. No kin der op fjouwer plakken troud wurde. It kolleezje stelt de rie foar om it hiele eilân as troulokaasje oan te wiizen.

Betingst is wol dat de plechtichheid binnendoar hâlden wurdt, om't oars it waar spulbrekker wêze kin. De rie moat nije wike in beslút nimme oer it plan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)