Mear treinstellen foar NoordNed

22 jun 2001 - 00:00

De NS sil meikoarten ekstra treinstellen leverje oan NoordNed. Dat is it gefolch fan in tige lilke brief dy't busmaatskippij Arriva stjoerd hat oan de NS.

Arriva en de NS binne beide oandielhâlders yn NoordNed. Neffens Arriva hat har partner de ferplichting NoordNed te foarsjen fan goed materieel. Op dit stuit is in tredde fan de treinstellen fan NoordNed stikken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)