Mear treinen nei East-Fryslân

12 nov 2002 - 00:00

Yn 2003 wurdt it tal treinritten op de spoarline fan Grins nei Leer yn East-Fryslân ferdûbele. Dat hat de provinsje Grinslân bekend makke. Fan trije kear deis wurdt it seis kear. Reizgers moatte earst noch oerstappe by de grins. Dat is nedich omdat de Noordned-treinen net yn Dútslân ride meie. It is it doel dat de tsjinst letter útfierd wurdt troch minsken fan Noordned yn in Dútse trein.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)