Mear trainees by provinsje

26 mrt 2014 - 11:46
  • Provinsjehûs yn Ljouwert

Twa partijen yn provinsjale steaten wolle in ferfolch op in trainee-projekt fan de provinsje. Mei sa'n projekt helpt de provinsje jonge minsken dy't hjir har oplieding dien hawwe oan in baan yn de provinsje. No bart it neffens de provinsje noch te faak dat minsken hjir wol studearje, mar bûten de provinsje oan it wurk geane. Foar in earder projekt naam de provinsje foar 195 fan dy minsken it folsleine lean foar rekken. Dat liket in soad, mar it tal oanfragen wie goed trije kear sa heech. Neffens PvdA en VVD is dat reden genôch foar in ferfolch.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)