Mear tongblier yn Nederlân

21 mrt 2001 - 00:00

Yn it Oeriselske Welsum is woansdei it twadde gefal fan tongblier yn Nederlân fêststeld. It bedriuw leit tusken in fertocht bedriuw yn Oene en ien yn Olst dêr't it earste gefal ûntdutsen wie.

Der jildt in algehiel ferfiersferbod foar fee, dong, feeweinen en sperma. Boppedat mei yn hiel Nederlân 72 oeren gjin molke en feefoer transportearre wurde. Dat is oant en mei sneon.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)