Mear toetsen fak Frysk nedich

14 feb 2013 - 11:03
  • Bibleteekboeken

Der moat folle faker en serieuzer toetst wurde by it fak Frysk op skoalle. Allinnich sa kin it nivo fan it fak Frysk ferhege wurde. Dat sizze it ministearje fan ûnderwiis en de provinsje tongersdei, op in konferinsje yn Ljouwert. Foar taal en rekkenjen krije de bern hjoed-de-dei de iene toets nei de oare, mar foar it Frysk fine in soad skoallen dat tefolle wurk. Oan it skoaleksamen Frysk, oan de ein fan de basisskoalle, docht bygelyks mar in fjirde part fan de skoallen mei.

Foar it fuortset ûnderwiis bestie in toets, mar dy is letter wer skrast. It lektoraat Frysk en Meartaligens oan de NHL is op it stuit dwaande mei it ûntwikkeljen fan nije toetsen, foar it fuortset ûnderwiis.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)