Mear toeristen yn 2007

29 okt 2008 - 17:04

Mear as twa miljoen toeristen ha yn 2007 in besite brocht oan Fryslân. Se ha 878 miljoen euro bestege. Ferline jier wie dêrmei in better jier as it jier dêrfoar. Ek de wurkgelegenheid yn de brânzje naam ta nei goed 31.000 banen. Dat is alve prosint fan de totale Fryske wurkgelegenheid.

Direkteur Paul van Gessel fan Friesland Marketing tinkt dat dit jier de sifers minder binne. Dat komt troch it minne waar yn de simmer en omdat de minsken no minder jild útjouwe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)