Mear toeristen nei Fryslân

30 jun 2008 - 11:24
  • Dizze simmer mear toeristen

Der komme dizze simmer mear toeristen nei Fryslân ta as yn it ferline jier. Dat is de ferwachting fan promoasjeburo Friesland Marketing.

Foaral de wat lúksere akkomodaasjes binne foar de kommende wiken goed boekt. Ek boatferhierbedriuwen melde in goede hannel. Foar de campings sil in soad ôfhingje fan it waar oft it simmerseizoen in súkses wurdt. De Waadeilannen fernimme no al dat der mear boekings binne. Benammen yn de boufak wurdt it drok yn Fryslân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)