Mear toeristen moatte nei Amelân

24 nov 2004 - 10:25

It projekt Badplaatsen moat der foar soargje dat mear bûtenlânse toeristen nei It Amelân komme. It projekt is in inisjatyf fan it ministearje fan Ekonomyske Saken. Doel is om de kwaliteit fan de foarsjennings op it Waadeilân te ferbetterjen.

De lêste jierren nimt it tal toeristen, dat in besite bringt oan It Amelân, ôf. Neist It Amelân falle ek de badplakken Noordwijk, Sluis en Zandvoort ûnder it projekt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)