'Mear toerisme nei Waadsee'

08 des 2007 - 12:33

Minister Gerda Verburg fan Lanbou, Natoer en Fiskerij tinkt dat der mear toeristen nei de Waadsee komme as it gebied oanwiisd wurdt as wrâlderfguod. It kabinet hat de Waadsee by de Unesco foardroegen foar opname op dy list.

Bewenners fan it gebied wiene bang dat ekonomyske aktiviteiten yn de knoei komme soene, mar Verburg is der wis fan dat der júst mear opbringsten te ferwachtsjen binne troch de groei fan it tal toeristen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)