Mear toerisme nei Dongeradiel

22 jan 2010 - 09:37

Yn Dongeradiel moatte mear toeristyske bedriuwen en inisjativen komme. Dat wolle de gemeente en de pleatslike ûndernimmers. De nije bedriuwen en inisjativen moatte de kommende jierren 150 ekstra banen yn toerisme en rekreaasje opsmite.

De gemeente en de pleatslike ûndernimmers stelden twa jier lyn mei-elkoar in plan op om dat foarelkoar te krijen. Om ûndernimmers de kânsen fan de regio sjen te litten is in nij promoasjemiddel betocht: in bidbook.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)