Mear tiken troch mûzepleach yn Fryslân

09 jul 2015 - 14:29
  • Tyk op hân

It tal tiken is dit jier hiel heech. Ien fan de oarsaken is de mûzepleach yn de súdwesthoeke fan ús provinsje. De mûzen binne nammentlik dragers fan tiken. Dy tiken meie minsken graach bite en je kin der flink siik fan reitsje.

De ûndersikers fan de Wageningen Universiteit ferwachtsje dat der dizze moanne allinnich al sa'n 500.000 minsken biten wurde. Sa'n 10.000 dêrfan krije troch de tikebyt de sykte fan Lyme. Om dizze sykte foar te kommen moat de tyk sa gau mooglik fuorthelle wurde mei in spesjale tiketang.

De jongerein fan skoutingklup Greate Pier út Snits passe dizze wike dêrom dan ek ekstra op. Sy binne op simmerkamp yn Grou en fine it saak om goed op tiken te kontrolearjen.

De organisaasje past ek harren programma dizze wike wat oan. Sa meie de jongerein net tefolle troch it gers krûpe en ek wurdt der foar it sliepen gean in kontrole hâlden op tiken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)