Mear tiid foar útriden jarre

15 aug 2013 - 14:31
  • Dongynjektor

Boeren op bougrûn krije langer de tiid om har jarre út te riden. Dat hat steatssikretaris Sharon Dijksma fan Ekonomyske Saken besletten. Se docht dat fanwege de kâlde en wiete maaitiid. Net alle boeren is it dêrtroch slagge om har gewaaks foar 1 septimber fan it lân te heljen. Oant dy datum mei gewoanwei jarre útriden wurde, dat wurdt no 15 septimber. Betingst fan de steatssikretaris is wol dat de boeren nei de tiid in gewaaks oanplantsje dat maklik stikstof opnimt, it giet dan bygelyks om winterrogge.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)