Mear tiid foar oare hypoteek

07 des 2012 - 16:43

Minsken dy't har ôflossingsfrije hypoteek omsette wolle kinne dat oant 1 april dwaan. Dy datum wie earst op 1 jannewaris. Op oantrunen fan feriening Eigen Huis hat minister Blok dy termyn ferlingd. Der wie neffens Eigen Huis te min tiid foar hypoteekferstrekkers om de hypoteken om te setten.

Nei 1 april kinne minsken net mear profiteare fan it belestingfoardiel op bygelyks in sparhypoteek. Minsken dy't noch net in hypoteek ha moatte rap wêze. Foar harren jildt dat sy mar oant 1 jannewaris de tiid ha om in hypoteek ôf te sluten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)