Mear thússsoarch yn de nacht

02 des 2003 - 00:00

Thússoarch is nachts ek beskikber foar ynwenners fan Dantumadiel en Kollumerlân. Het Friese Land biedt ek soarch yn de nacht oan om't der ferlet fan is. Minsken wenje langer thús en ha nachts ek help by nedich by bygelyks in nij ynfús of medisinen.

Yn Ferwerderadiel, Dongeradiel en Ljouwert is nachtsoarch al mooglik. Thússoarch Het Friese Land hat fjouwer nije minsken oannommen om de nachtsoarch mooglik te meitsjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)