Mear terpopgravings nedich

19 mrt 2012 - 19:38

Der moatte mear terpopgravings komme, fynt archeolooch en bysûnder heechlearaar Gilles de Lange. Elkenien hat wol fan terpen heard, mar it ûndersyk nei terpen stiet dêrmei net yn ferhâlding. En dat wylst opgravings in soad oandacht lûke en bysûndere ferhalen opsmite oer de wize werôp't Fryslân ûntstien is.

Mei twa ûndersiken yn it jier soe al folle mear oer it Fryske ferline bekend wurde kinne. De Lange fynt dat der jild beskikber komme moat foar sok ûndersyk. No is op de RUG mar ien ûndersiker yn dieltyd dwaande mei de terpen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)