Mear telefoantsjes foar AMK

26 nov 2003 - 00:00

It meldpunt foar bernemishanneling, it AMK, hat yn de ôfrûne fiif wiken in kwart mear telefoantsjes hân. Yn dizze wiken is yntinsyf kampanje fierd om de bekendheid fan it meldpunt te fergrutsjen. Dat hat dus fertuten dien.

Woansdei wie de ôfsluting fan de kampanje yn it Kameleondoarp Terherne. Dêr waard ek in boekje presintearre mei ferhalen en gedichten fan bern oer mishanneling. De titel fan it boekje is 'En geef ze liefde op grote borden'.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)