Mear tafersjoch op oerlêst drugs

10 okt 2003 - 00:00

Ferskerpe plysjetafersjoch by de Mercuriusfontein yn Ljouwert moat de oerlêst troch drugs útroeie. Neffens de plysje kinne winkeliers en publyk gjin grutte skjinfei-aksjes by de fontein ferwachtsje. Dat soe net yn ús rjochtssteat passe.

Ofrûnde woansdei waarden twa dealers en fjouwer brûkers yn it gebiet by de fontein oppakt. Nei't harren ferklearring opnaam wie op it buro binne de seis wer frijlitten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)