'Mear sylwedstriden yn simmer'

24 aug 2012 - 16:46
  • De Snitswike

Der moatte mear wettersporteveminten hâlden wurde yn it heechseizoen. Dat seit Kees Alberts fan Varend Friesland, it ferbûn fan wettersportûndernimmers.

Alberts is eigener fan boatferhierbedriuw Ottenhome yn Heech. Hy sit ek yn de organisaasje fan it Krús fan Heech. Dy sylwedstriid wurdt sneon foar de 34e kear hâlden. Yn it ferline wiene der folle mear fan sokke sylwedstriden midden yn de simmerfakânsje. Grutte eveneminten binne no benammen bûten it heechseizoen. Dat is net goed, tinkt Alberts.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)