Mear subsydzje Menamer mûnen

04 sep 2003 - 00:00

De stifting Molens in Menaldumadeel mei tenei in hegere subsydzje oanfreegje by de gemeente. By de restauraasje fan in mûne kin neffens de regels no op syn meast goed 3000 euro frege wurde. Dat bedrach is ferhege nei hast 7000 euro.

B&W fan Menameradiel fine dat de maksimale subsydzje achterbleaun is yn fergelyk mei oare subsydzjes. De gemeenteried fan Menameradiel moat noch wol ynstimme mei de ferheging.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)