Mear subsydzje foar Oerol

22 aug 2008 - 10:45

De noardlike provinsjes binne bliid dat it Nederlands Fonds voor Podiumkunsten syn subydzjes oan kulturele ynstellings mear spraat hat. Earder kamen de provinsjes mei krityk dat de subsydzjes fral nei it westen geane. Tongersdei dielde it fûns de subydzjes foar de kommende jierren út.

Dêrby die bliken dat it noarden sân ton mear krijt as de ôfrûne perioade. It noarden is wiis mei dat bedrach. It ekstra jild giet ûnder oare nei it Oerolfestival en nei opera Spangea.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)