Mear subsydzje foar baggerjen

18 des 2008 - 23:36
  • It Fryske wetter moat djip genoch wurde foar alle rekreaasjeboaten

Der binne noch net folle jachthavens en gemeenten dy't gebrûk makke hawwe fan de subsydzje foar baggerwurksumheden yn it ramt fan it Frysk Marreprojekt.

Dochs sil de provinsje de subsydzje-regeling útwreidzje. Jachthavens en gemeenten yn hiel Fryslân kinne dêr tenei brûk fan meitsje. De provinsje lûkt ekstra jild út foar it baggerjen, om foar 2013 sa folle mooglik farwetter en oanlisplakken tagonglik te meitsjen foar rekreaasjeboaten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)