Mear subsydzje asbestmaatregel

17 jun 2014 - 20:31
  • Boerepleats

De regeling yn Fryslân om in asbestdak te ferfangen troch sinnepanielen wurdt útwreide. Net allinnich agraryske ûndernimmers en eigeners fan buorkerijen kinne fan de regeling gebrûk meitsje. Fan 1 juli ôf meie ek eigeners fan âld buorkerijen en âld agraryske ûndernimmers subsydzje oanfreegje. It subsydzjebedrach giet ek omheech fan 3 euro nei 4,5 euro per kante meter.

Doel is om op it plattelân safolle mooglik asbest fuort te heljen. Yn 2024 jildt der in folslein ferbod op asbest. De provinsje hat oardel miljoen euro beskikber.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)