Mear studinten seefeartskoalle

16 jan 2013 - 11:15
  • De ferâldere seefeartskoalle op Skylge dy't fernijd wurde moat

It giet goed mei de seefeartskoalle op Skylge. It Maritiem Instituut Willem Barentsz krige der ferline jier 145 studinten by. Ek ha tûzen studinten gebrûk makke fan it simulatorsintrum en folgen tweintich bûtenlânske studinten in part fan har stúdzje op Skylge. De ekstra drokte smyt problemen op foar de húsfesting. Direkteur Van Leunen hat ôfspraken makke mei de wenningboukorporaasje foar it húsfesten fan de studinten. Hy hopet dat de gemeente en Steatsboskbehear gau ôfspraken meitsje oer de bou fan in nije kampus.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)