Mear studinten kieze technyk

04 sep 2014 - 19:23

It tal studinten dat kiest foar in technyske oplieding by ROC Friese Poort yn Ljouwert en Drachten is dit skoaljier mei 14% tanaam. Sa'n 2500 studinten folgje de oplieding Technyk of Bou-Ynfra. Nei jierren fan krimp liket dêr no in ein oan te kommen.

Neffens Sjouke Tuinier fan it kolleezje fan bestjoer fan ROC Friese Poort hat de groei benammen te krijen mei de gruttere kâns op wurk yn de technyk. Ek it yn gebrûk nimmen fan it nije gebou op de lokaasje yn Drachten soe bydrage oan de groei, tinkt Tuinier.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)