Mear studinten Frysk oan NHL

24 sep 2010 - 14:44
  • Studinte Frysk Annekin Faber op ekskurzje yn Noard-Fryslân

Hegeskoalle NHL yn Ljouwert hat twa kear safolle oanmeldings foar de stúdzje Frysk yn fergeliking mei 2009. Doe wiene der fiif studinten foar it earste jier, no binne it der njoggen. It giet om de bacheloroplieding Frysk.

Studinten dy't op de NHL de oplieding dogge, wurde oplaat ta learaar. Dosint Frysk Henk Wolf is bliid mei de ekstra oanmeldings, mar makket him soargen as de ekstra kosten foar in twadde stúdzje ek foar de stúdzje Frysk jilde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)