Mear struie foar âlderein

28 des 2010 - 20:07

It CDA yn Ljouwert wol dat de gemeente mear docht oan it begeanber meitsjen fan de diken yn de stêd. Net allinnich de trochgeande diken en busrûtes moatte struid wurde as it glêd is. Der moat ek sâlt op de kuier- en fytspaden by skoallen, winkels en âldereinstehuzen struid wurde as it oan it CDA leit.

Alde minsken driigje yn in isolemint te reitsjen troch glêde diken. It CDA wol fan de wethâlders hearre wat se oan dit probleem dwaan sille.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)