'Mear strjitnammen Nassau's'

13 jun 2010 - 13:14

Ljouwert soe in strjitte neame moatte nei Anna van Hannover yn 'e nije wyk Súdlannen. Dat skriuwt de stichting Nassau en Fryslân oan B en W. Anna van Hannover wie fan grut belang foar de kultuer yn 'e stêd. Ljouwert pronket mei de Nassau's, mar docht der fierders neat mei, fynt de stichting.

Neffens foarsitter Bearn Bilker moatte ek Anna har man, Willem Karel Hendrik Friso - de lettere steedhâlder Willem IV - en Willem Frederik, de stifter fan de Prinsetún, in strjitnamme krije.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)