Mear strjitcoaches yn Ljouwert

03 okt 2011 - 21:56

Der moatte mear strjitcoaches komme yn Ljouwert om de jeugdoerlêst oan te pakken. De coaches moatte ek mear foech krije om jongeren oan te pakken. Dat advys komt fan de jongere-advysried fan Ljouwert.

Yn opdracht fan de VVD hat de ried ûndersocht hoe't de jongerein tinkt oer de strjitcoaches. Dy sprekke de jeugd oan op harren hâlden en dragen, en stjoere se fuort as se foar oerlêst soargje. Jongeren sizze net ûnder de yndruk te wêzen fan de coaches.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)